Lichem

Dizze side giet oer lichem yn 'e biologyske sin. Foar oare betsjuttings, sjoch: lichem (betsjuttingsside).

In lichem is yn 'e kontekst fan 'e biology it gehiel fan in mearsellich organisme dat út eigen lichemssellen opboud is. Dy sellen hawwe in foar elts organisme unyk genoom.

De mage- en termsholte wurdt beskôge as bûten it lichem lizzend, ek wurdt dy net troch in laach sellen (lykas by de hûd) of in selmembraan (lykas yn 'e longblaaskes) ôfskaat fan 'e bûtenwrâld. De holten yn oare organen wurde wol ta it lichem rekkene; men kin dan tinke oan 'e hertholte, dy't folle is mei bloed dat yn in (fan it bûtenmiljeu ôfsletten) fettestelsel sirkulearret.

Yn 'e genêskunde tsjut de term 'somatyk' op in oandwaning oan it lichem. Sa is 'somatyske soarch' rjochte op 'e fersoarging fan it lichem (bgl. yn in ferpleechhûs). Ek wurdt de term 'somatyk' brûkt as oantsjutting foar it ûnderstypjen fan minsken mei in groanyske lichaamlike oandwaning.


Developed by StudentB